Resinsje: "Sjen yn it tsjuster is rûke, fiele en hearre"

19 mrt 2018 - 14:02

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto?
Timo Jepkema, ik bin 24 jier ik kom út Lekkum en wenje yn Ljouwert

Wat dochsto by de Omrop?
Ik presintearje it nijs en bin ferslachjouwer foar sawol it nijs as de sport

Wat hasto mei kultuer?
Yn de breedste sin fan it wurd kin ik genietsje fan in goed konsert as in moai iepenloftspul

Wêr hast hinne west?
'Sjen yn it tsjuster' yn Burchwert

Hoefolle stjerren?
Fjouwer

O ja, geane jo noch nei de foarstelling? Dan soe ik dizze: lês dizze resinsje miskien net. Ik haw benammen besocht de foarstelling te beskriuwen foar de minsken, dy't net nei 'Sjen yn it tsjuster' tagean kinne.

"Om fuort mar mei de doar yn hûs te fallen, ik bin gjin Tsjêbbe Hettinga-saakkundige. Better sein: ik koe de dichter allinnich fan namme. O ja, en dat er út Burchwert kaam. Dat foarôf. Mar dat de foarstellingen fan 'Sjen yn it tsjuster no al útferkocht binne', seit fansels genôch. Fryslân is fereale op de gedichten fan Tsjêbbe. Miskien kin ik better sizze hear Hettinga, want as jo in provinsje sa fereale meitsje kinne op jo gedichten, dan binne jo in grutte hear.

Ik bin der dan ek wol grutsk op as ik woansdeitejûn de doarpsgrinzen fan Burchwert binnen ryd en oan de ferkearsregeler fertel dat ik foar de foarstelling kom. Stekken midden op de dyk, oan de râne fan it doarp foarkomme dat oar ferkear Burchwert yn ride kin ûnder dit megagrutte iepenloftspektakel, om mar neat te fersteuren fan it tsjuster yn Burchwert. Wy sammelje ús yn doarpshûs Doniahûs. By de doar wurde wy yn fjouwer groepen ferdield. Mei in grien polsbantsje en trije 'griene gidsen' ferlitte wy it doarpshûs. 120 minsken binne de gelokkigen, dy't jûn it tsjuster fan Burchwert oer har hinne komme litte.

De jûn set útein mei in kuierke nei de lytse Johannestsjerke. It is in moaie heldere, mar kâlde jûn. Ik sjoch gjin moanne. Dat wurdt noch wat as daalks alle ljochten útgean, tink ik, wylst ik de tsjerke yn stap. De kreakjende tsjerkebanken wurde opsocht. Mei de kontsjes stiif tsjininoar oan yn de tsjerkebanken wurd ik op myn skouder tikke. "Dizze tsjerke is pas noch restaurearre. Datst it even witst."

In waarme frouljusstim waarmet ús op mei it gedicht oer it 'liende lân'. Boppe yn de tsjerke 'waakt' in ôfbylding fan Hettinga oer ús. It jout in waarm gefoel dat de dichter der dochs in bytsje by is jûn. Basile falt har by. De Kongoleeske muzikant bringt in earbetoan oan de dichter. Ik fernim it oan syn triljende stim as hy 'Tjeeebe Heeetinga' neamt yn syn nûmer hoefolle wearde hy hechtet oan syn optreden. Ferstean kin ik it net. Foar my klinkt Basile syn taal as fantasy. Mar dat makket it miskien ek just wol wer moai.

Foto: Henk Bootsma

Dan liede de klokken yn it tsjerkje. De ljochten gean út. Basile en de frou ferdwine yn it tsjuster. Stil mompeljend ferlit de minskemassa yn fjouwer groepen de tsjerke. It tsjuster temjitte. En dat fielt nuver. In bytsje 'eng' wol. Want stap mar ris yn in grutte groep minsken yn it tsjuster om. Foarsichtich stappe wy nei bûten. Myn eagen moatte dúdlik wenne oan it tsjuster, want it is echt wier, ik sjoch gjin klap!

In frou út Burchwert pakt my by de jas. Se warskôget alfêst. 'Rin by de ein net by de sleat del. Bliuw links, want rjochting de sleat ha je in soad drek. It binne ljochtsjes yn it blau dy't ús it paad wize, yn oparbeidzjen mei de gidsen. Se stean oan wjerskanten fan de smelle dykjes yn it doarp opsteld. Dochs moat elk op syn hoede wêze yn it tsjustere Burchwert. In stoeprâne, richeltsje of net foarsjoen gat yn 'e dyk sjogge je net.

Foto: Henk Bootsma

It earstfolgjende plak dêr't wy as publyk stean, is in hynder dat ferskynt út in fûl helder ljocht wei. Oan de kontoeren fan de huzen werken ik in nijbouwyk yn Burchwert. In gedicht fan Tsjêbbe is ien fan de earste saken dat my opfalt. It galmet troch de boksen en wjerkeatst tsjin de (ik tink wite) muorren fan it nijbouwykje. De oh's en ah's falle ekstra op troch it tsjuster. Ik moat earlik bekenne dat ik my net sa goed fokusje kin op it gedicht. It tsjuster, in hynder, de roken dy't opfalle en de lûden liede my ôf.

Myn buorman en buorfrou rûk ik ynienen. It is echt sa dat dyn sintugen oars wurkje as jo neat mear sjen kinne. Ut de fierte wei komt yn in stadich drafke in hynder oanrinnen. Us gids set ús rûte troch. Burchwert hat letterlik útpakt, de frisse, krekt wosken wask hinget bûten. Wy bingelje mei ús snút troch de farske wask hinne. In hearlik gefoel as je de wask net oankommen sjogge. It is lestich om dy oer te jaan oan it tsjuster. Net ien kear knal ik by fersin tsjin in foargonger oan.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De sêne, dy't folget, begryp ik net goed. Neist dat myn noas prikele wurdt troch in skerpe rook fan ferbrând hout en izer snap ik de beat net dy't de twa skimen foar my ûnderbrekt fan harren wurk. Ik gok dat se smid binne. Wat dit mei Tsjêbbe Hettinga út te stean hat, wit ik net.

Ik stroffelje hast as wy oer in ferkearsdrompel stappe. Dat ha je dus as it tsjuster is. En dat hat Tsjêbbe Hettinga dus skoften lang meimakke. It set je oan it tinken hoe moai it is dat je kleuren werkenne kinne. Dat je kontoeren sjogge. Hy koe dat dus net. Sjen yn it tsjuster is rûke, fiele en hearre.

It barren is in logistike operaasje fan formaat. Mei militêre presyzje wurdt alles yn 'e gaten hâlden. It moat in behoarlike put west ha om de grutte kloften minsken troch it lytse doarpke te loadsen sûnder inoar tsjin te kommen. Okee, dat slagge net altiten like goed, mar dochs, ik ha my gjin momint dêroan steure kinnen.

FARSKE POEIERMOLKE! FARKSE POEIERMOLKE loeie in stik as tsien stimmen yn it tsjuster. Oan in grutte tafel nimme wy plak. "WAT IS IT KALD NET' bromt in manljusstim. "JA WAT IS IT KALD NET," ropt om frou yn myn earen. Wêr't se stean, kin ik net sjen. It tsjuster is te swart. Tsjêbbe sil te riden. In wedstriid.

Ut 'e streken fan 'e redens op it blankswart iis, mei It stil akwarium fan it bern derûnder En de manljushurdriderij fûl derop / No't hege wyn de flagge op 'e toer befrear En yn 'e houten tinte op 'e baan yn it hjitst fan / De striid Bauke syn dampende poeiermolke...

Ik fantasearje fuort oer djipswarte bonken iis. Dit is it moaiste stikje út Tsjêbbe Hettinga syn wurk wat ik dizze jûn hear. Oft dat no komt trochdat ik my der sa yn ferpleatse kin of om't de sfear ûnder dizze sêne sa moai sketst wurdt, wit ik net. It einiget wol mei spul. Der ûntstiet opskuor tusken twa manlju dy't inoar de harsens yn houwe wolle. En dat op de bonken iis.

Foto: Henk Bootsma

Hieltyd wer wurde je ferrast. Ferrast as der wer nije klanken klinke fan in gedicht. Ik werken 'It doarp Always Ready'. Dat komt om't ik foar it earst Ingelsk foarby kommen hear en ik it gedicht fantefoaren opsocht hie. Us tocht troch Burchwert wurdt ferfolge. We stappe nochris troch de krekt wosken klean hinne, se wapperje tsjin de hollen fan de minsken oan.

Midden yn it doarp rinne wy dwerstroch in koar hinne. Se sjonge. Ik fyn it dreech om se te ferstean. Dat kin ek oan my lizze om't ik net hiel goed thús bin mei alle teksten dy't Hettinga makke hat. Wy krije ynsjoch yn de jeugd fan Tsjêbbe Hettinga. Beltsjelelle bygelyks. Dat wurdt dúdlik as bern út Burchwert meloadysk mei de klompen hinne en wer stappe op de brêge. Se raze oer de brêge. De masine dy't in skoftsje letter sichtber wurdt, lit de tiid sjen dy't feroare is yn de rin fan de jierren seit de keunstner. Ik leau him fuort. De masine kleuret in bytsje pears mei read as er mei syn bûslampe op it spektakel skynt.

It ein fan de hiele jûn krijt foarm yn in geweldige apoteoaze oan de râne fan it doarp. Mei sicht op de pleats fan Tsjêbbe. In gefoel fan grutskens op it Fryske greidlân oerfoel my en de natuer holp dêr in bytsje by. Want droegen troch it orkest dat yn willekeurige folchoarder de lûden hearre liet fan fûgels dy't geweldich tsjilpten, grypte in groepke skriezen just dát momint op de jûn oan om it orkest fokaal te stypjen. Túuutúuu túuuútuú. Magysk.

Earlik is earlik, de heechwurker dy't ferljochte opkaam yn it tsjuster, begriep ik net hielendal. De frou dy't op bleate fuotten út it bakje kaam, soarge lykwols wol foar in protte bewûndering. Myn jûn wie doe al slagge. As dit mienskip is dan wol ik dêr wol mear fan priuwe dit jier. Dat komt benammen om't it like as hie it hiele doarp yn it spier west jûn. Kranten foar de ruten, gjin streepke ljocht, en al dy doarpsbewenners dy't yn safolle ferskate wizen dwaande wienen jûn.

Ik kin my foarstelle dat Burchwert grutsk is op sjen yn it tsjuster. Dat meie se ek mei rjocht wêze. Grutsk op Tsjêbbe en grutsk opinoar. Dit wie mienskip yn in lúkse fariant. Mienskip yn optima forma." 

Alle foarstellingen fan Sjen yn it tsjuster binne útferkocht.

(advertinsje)