Brânwacht rydt út foar flatbrân yn Kollumersweach

© De Vries Media
In boppewenning oan de Pieter Postmastrjitte yn Kollumersweach hat sneontemoarn skea oprûn troch in brân. It fjoer bruts even nei alven út. De brânwacht ried mei meardere weinen út, om't earst net dúdlik wie oft der ien yn de wenning wie. Al gau die bliken dat dat net it gefal wie.
By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht hie it fjoer binnen in oere ûnder kontrôle. Salvage sil de bewenners stypje by de ôfhanneling fan de skea.