Grutte steger waait om en falt op auto's yn Ljouwert

By in autobedriuw oan de Mercuriuswei yn Ljouwert binne sneontemoarn meardere auto's skansearre rekke, nei't in grutte steger omwaaide en boppe-op de auto's telâne kaam. De steger fan sa'n 12 meter heech stie by in bedriuw oan de Pallaswei, mar waard troch de hurde wyn optild, luts in stek om en foel boppe op de auto's op it terrein fan de garaazje.
De brânwacht hat it doek fan de steger stikken snien, om foar te kommen dat de wyn der op 'e nij gryp op krije koe. It is noch net dúdlik hoe grut de skea is.