NS: "Binnen healjier oplossing foar treinferbining doarpen"

17 mrt 2018 - 09:58

De NS komt binnen in healjier mei in oplossing foar de doarpen oan it spoar, dêr't de trein net langer stilstiet. Dat hat it ferfierbedriuw freed tasein. Sûnt de ynfiering fan de nije tsjinstregeling yn desimber hâldt de intercity tusken Ljouwert en Zwolle net langer stil by de stasjons Grou-Jirnsum, Akkrum-Nes en Wolvegea.

Minsken binne dêrtroch langer ûnderweis of ride mei de auto nei it stasjon yn Stienwyk, om dêr op de trein te stappen. "Dat moatte we fansels net wolle", seit fraksjefoarsitter Retze van der Honing fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten. "Dat is in ferkearde gong fan saken."

De provinsje en guon gemeenten binne poer tsjin op de nije tsjinstregeling. De Steatefraksje fan GrienLinks hâldt in petysje en hat de útkomsten freed yn Akkrum oan de NS presintearre. De petysje waard al mear as fjouwertûzen kear ûndertekene. "Dêr binne se by de NS dochs wol wat fan skrokken. Se hienen net tocht dat it sa'n flecht nimme soe", seit Van der Honing.

Nei de gearkomste fan freed hat de fraksjefoarsitter der fertrouwen yn dat de NS mei in oplossing komme sil. 

(advertinsje)