Kollum: "Rikketikketikke"

17 mrt 2018 - 08:26

"Ha jim dizze wike dat frjemde rûne ferskynsel oan de loft ek sjoen? De sinne ha ik it oer. De iene dei rieden we op redens op it Hasker Wide en de oare dei koenen je hast bûtendoar sitte. Hiel bysûnder. Wy ha even in eintsje te fytsen west, de frou en ik. Dat like op foarhân in slagge ferhaal, want ik hie de fytsen krekt foar in servicebeurt nei de fytsmakker hân. Dus dan tinke je dat je sûnder soargen op 'en paad kinne.

We setten útein en nei in kilometer hearde ik wat. Rikketiketikke. By eltse traap itselde lûd. As de rjochterfoet hast it traaprûntsje ynsette soe: rikketikketikke. Trije kear. By eltse traap wer.

No kin ik in soad ferneare, mar dat net. Je kinne my net mear pleagje, as mei in fyts dy't rikketikketikke docht. Ik sjoch dan nei dy fyts, wat soe der oan mankearje. Even stopje, hjir en dêr in klap op jaan, even fiele oft it keatling net oanrint. Mei twa swarte hannen fan it fet dochs mar wer opstappe. En nei de earste traap: rikketikketikke. Myn oanstriid om it stomme ding yn de sleat te miterjen en rinnendewei fierder te gean, boaze hurd oan.

'Sille we mar wer nei hûs?', frege de frou. Dy wit dat myn sin der net better op wurdt, as ik dy kreakjende tik net oplosse kin. Krekt de fytsen foar in beurt hân, noait earder in tik of in kreak fernaam en no, op it earste ritsje rikketikketikke. Stapelgek soenen je der fan wurde. Mar ik bin dan ek wol sa dwers dat ik trochfyts. Lokkich rint fan De Feanhoop nei Smelle Ie in skulpepaad. De kreakjende skulpen oerstimden it rikketikketikke fan de fyts en je soenen it hast ferjitte. Mar nei dat skulpepaad komt in nij asfaltearre stik dyk. Gewoanwei in feest om oerhinne te fytsen, want it jout hast gjin lûd. No wol. Rikketikketikke. By eltse traap.

Doe't we thús wienen, ha ik de fyts yn myn bestelbuske smiten en de oare deis bin ik der mei nei de fytsmakker gien. 'It ding kreaket', sei ik. De fytsmakker soe in proefrûntsje meitsje, mar dat betearde mis. Neist him begûn ien yn in muorre op te slypjen, dus it rikketikketikke wie net te hearren. Doe't de seage even stil wie, ried der krekt in frachtwein de dyk yn, wapene mei in kuolynstallaasje. Dy kuolynstallaasjes meitsje sa'n leven, dat myn fyts syn rikketikketikke wer net te hearren wie. 'Ik hear neat', sei de fytsmakker. Stadichoan bekrûpte my it gefoel dat je ha, as je mei 'vage' klachten nei de dokter geane. Nim mar in aspiryntsje en fierder net oanstelle. Sa sawat. Wylst ik seker wist, dat foar de servicebeurt myn fyts gjin rikketikketikke die en no dus wol.

De monteur luts foar de wissichheid noch wat bouten nei. Bouten dy't je neffens my nea losmeitsje by in normale servicebeurt, mar okee.

Mei in hiel lyts bytsje fertrouwen yn de goede ôfrin ha ik myn fyts wer yn it buske setten. As er wer kreake, moast ik mar wer komme. De deis dêrnei hie ik in gearkomste, op fytsôfstân. Op foarhân hie ik my ynprinte dat de fyts mei hast 100% wissichheid daliks wer rikketikketikke sizze soe.

It bleau stil."

(advertinsje)