Plysje siket trochriders nei oanriding yn De Westereen

© ANP
De plysje siket twa ynsittenden fan in VW Transporterbus mei oanhinger, dy't tongersdeitemoarn om healwei achten hinne op de Fogelsang yn De Westereen in fytser oanriden ha. De beide manlju stapten nei de oanriding wol út om te freegjen hoe't it gie, mar rieden dêrnei troch sûnder gegevens achter te litten. De jonge fytser rekke net ferwûne, mar hat wol skea oan syn fyts. Datselde jildt foar in jonge, dy't mei him op fytste en ek foel.
De plysje ropt de manlju fan it buske op om harren te melden. Neffens de plysje giet it om in man fan ûngefear 50 jier mei in burd en in man fan om de 30 jier hinne mei in bril.