Cambuur-trainer Hake: "Zonde, dat we onszelf niet belonen"

Ien punt hat Sportklup Cambuur freedtejûn oerhâlden oan it thúsduel mei koprinner NEC. De ploech fan trainer René Hake spile mei 1-1 lyk tsjin de gasten út Nijmegen. Cambuur kaam krekt foar it skoft op efterstân, mar betiid yn de twadde helte soarge Jordy van Deelen foar in moaie lykmakker. "Hij ging er fantastisch in", sa sei in grutske Van Deelen, dy't de bal hurd mei links yn it doel skeat, wylst der altyd tocht waard dat er sterker wie mei rjochts. "Uiteindelijk ben je tweebenig, hè?", reagearre er glimkjend nei de wedstriid.
Trainer Hake is bliid mei it behelle punt, mar neffens him hawwe syn spilers in soad kânsen lizze litten. "We hebben in de eerste helft, maar zeker ook na rust en na de gelijkmaker kansen gehad, om te scoren en de wedstrijd meer naar onze hand te zetten. We waren dichtbij, om zelf op voorsprong te komen, maar dan pakken we het net niet. Het is gewoon zonde, dat we onszelf niet belonen en op die manier de wedstrijd eruit kunnen slepen. Het is net het laatste zetje dat we onszelf moeten geven. Hopelijk krijgen we dat de komende weken voor elkaar."