Ferlies foar Flyers yn earste finalewedstriid

© AWfoto
De iishockeyers fan UNIS Flyers ha de earste finalewedstriid om it kampioenskip yn de BeNe League ferlern. Thúsploech Hijs Hokij won yn Den Haag mei 4-2. Yn de finale giet it derom wa't as earste trije wedstriden wûn hat.
Net de favoryt
Flyers is net de favoryt yn de finale, mar koe lang goed meikomme mei Hijs. Jeffrey Melissant sette Hijs yn de earste perioade op 1-0. Doe't Flyers letter dy perioade powerplay hienen, soarge Ronald Wurm foar de lykmakker.
Op 'e nij lyk
Yn de twadde perioade makke Raymond van der Schuit de 2-1 foar Hijs, mar op 'e nij kaam Flyers werom. Lars den Edel skeat de 2-2 binnen.
Tredde foarsprong Hijs
Nei ien minút spyljen yn de tredde perioade sette Alan van Bentem de ploech út Den Haag foar de tredde kear op foarsprong. Dizze kear slagge it de Flyers net om wer lyk te meitsjen. Flak foar tiid skoarde Melissant syn twadde en dat wie ek de einstân.
Snein is de twadde wedstriid yn de best-of-5. UNIS Flyers spilet dan thús op It Hearrenfean.