Wichtige útoerwinning sealfuotbalsters Drachtster Boys

(argyffoto) © twitter @DFTda1
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freed in wichtige oerwinning pakt yn de striid om play-offs. Ut tsjin Pernis, de nûmer 2 fan de earedifyzje, waard it 2-3 foar de Drachtsters. Avanti koe thús yn Stiens in foarsprong tsjin Exstudiantes net fêsthâlde: 3-5.
Utoerwinning Drachtster Boys
Yn Schiedam sette Lotte Donath de Drachtsters op 0-1, mar Lenie Mendes Fernandes skeat Pernis op gelikense hichte. Nei't Atty Eelkema de 1-2 makke, waard it troch Felicia Sedighi op 'e nij gelyk.
Nei it skoft hienen de twa ploegen net in soad kânsen. Wol wienen de hieltyd mear oertredings. Drachtster Boys moast it yn de slotfaze twa minuten mei in spylster minder dwaan, om't Eelkema in twadde giele kaart pakte. De Drachtsters oerlibben dy twa minuten en mei noch minder as in minút te spyljen, makke Esther van Toledo de winnende 2-3.
Troch de oerwinning bliuwt Drachtster Boys op it fjirde plak stean. De bêste fjouwer teams pleatse harren foar de play-offs.
Avanti thús ûnderút
Avanti kaam yn Stiens foar it skoft op efterstân tsjin Exstudiantes út Zwolle. Dêrnei soargen Marije de Boer (twa goals) en Si Shut Hau foar in foarsprong fan 3-1 foar Avanti. Dat koenen de Stienzers lykwols net folhâlde. Nei in mindere faze wie it alwer gau 3-3 en úteinlik pakte Exstudiantes sels noch de oerwinning.
Fryske derby
Nije wike spylje de twa Fryske teams yn Drachten tsjin inoar. Dat is de foarlêste reguliere kompetysjewedstriid.