Finer earste ljipaai: "Ik tocht altyd dat it ûnmooglik wie"

''Ik seach in aai lizzen en ik tocht: dit is it earste!'' Dat seit de 20-jierrige Riemer Miedema fan It Heidenskip. Hy fûn freed oan it begjin fan de jûn it earste ljipaai fan de provinsje. ''Myn maat sei fuortendaliks: 'wy moatte belje'. Mar ik wie aardich kalm. We hawwe it BFVW belle en dy binne kaam. Se hawwe foto's nommen, en dernei wie it allegear drokte!''
Hiele libben
Riemer is al syn hiele libben oan it aaisykjen, mar dat hy it earste aai fine soe, hie hy nea tocht. ''Ik haw it altyd in bytsje sjoen as ûnmooglik'', seit er. ''Mar hjoed haw ik it dochs echt fûn. In hiel bysûnder gefoel, absolút!''
''Efkes mei myn maat mei''
Dochs strúnt de 20-jierrige Heidenskipster net hiele dagen troch de fjilden. ''Eartiids wie it in hiele hype, it aaisykjen. It is no wol wat minder. Ik bin net ien dy't de hiele tiid om it earste fan Fryslân siket. Ik seach myn maat hjoed, dus tocht doe ik moat efkes mei him mei.''
It hie net folle skeeld of hie Riemer it aai net iens fûn. ''Wy kamen by in hoekje lân, dêr sitte altyd in soad fûgels. Wy rûnen der yn en doe kaam der in spantsje ljippen wei. Dus we tochten, we rinne der dochs mar del. Dêr fûn ik it aai. Geweldich!''