Cambuur pakt fertsjinne punt tsjin koprinner NEC

16 mrt 2018 - 21:55

Cambuur hat in punt oerholden oan de thúswedstriid tsjin koprinner NEC. De ploech fan René Hake kwam krekt foar it skoft op efterstân, mar betiid yn de twadde helte soarge Jordy van Deelen foar in moaie lykmakker. Yn de spannende slotfaze waard net mear skoard.

Lykop

Yn de earste helte gie it lang lykop. Justin Mathieu seach dat in skot blokkearre waard en Cambuur-keeper Cummins koe in goal van Langil foarkomme.

Kopgoal Achahbar

It leaste kertier fan 'e earste helte waard NEC wat sterker. In skot fan Langil einige noch yn it sydnet, mar in pear minuten foar it skoft kaam NEC dochs op foarsprong. Sturing koppe in frije traap fan Groeneveld nei de lytse spits Anass Achahbar, dy't de bal tsjin 'e touwen koppe.

Dêrnei, noch hieltyd foar it skoft, krige Cambuur twa kear de kâns op de lykmakker. Martijn Barto koppe krekt njonken de NEC-goal en yn de blessueretiid skeat Justin Mathieu nei in moaie oanfal op keeper Delle.

Lykmakker Van Deelen

Yn de twadde helte jage Cambuur fierder nei de lykmakker. Dy foel nei fiif minuten. Daniel Crowley berikte Jordy van Deelen mei in moaie pass en Van Deelen makke it knap ôf mei in hurd skot. Crowley, de man fan de assist, skeat Cambuur in pear minuten letter hast op foarsprong. It skot einige op 'e latte.

Kânsen NEC

Dêrnei rekke NEC-spiler Kadioglu oan de oare kant ek de latte en in kertier foar tiid skeat Langil krekt foardel.

Cambuur krige noch wol kânsen op de winnende goal, mar NEC wie it tichtste by. In baltsje fan Achahbar nei in hurde foarset fan Langil gie krekt njonken de Cambuurgoal.

Sportklup Cambuur - NEC 1-1 (0-1) 42. Anass Achahbar 0-1, 51. Jordy van Deelen 1-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Sai van Wermeskerken, Martijn van der Laan, Robbert Schilder, Jordy van Deelen; Ricardo Kip (82/Darren Rosheuvel), Daniel Crowley, Daan Boerlage; Alvin Daniels (59/Issa Kallon), Martijn Barto, Justin Mathieu (59/Kevin van Kippersluis)

Trefwurden: 
Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)