Wrâlderfgoedsintrum yn Lauwerseach: 9,6 miljoen fan Waadfûns

16 mrt 2018 - 21:35

Der komt definityf in nij wrâlderfgoedsintrum yn Lauwerseach mei ynformaasje oer de Waadsee. It Waadfûns stekt 9,6 miljoen euro yn it projekt, fan yn totaal hast 20 miljoen euro. Dêrmei is de begrutting rûn. It wrâlderfgoedsintrum moat toeristen út binnen- en bûtenlân ynformearje en ynspirearje oer de Waadsee.

Ek seehûnesintrum Pieterburen krijt in plak yn it nije sintrum. De lokaasje yn Lauwerseach moat yn juny 2020 iepene wurde.

(advertinsje)