Schulting en Knegt op twa ôfstannen troch op WK

16 mrt 2018 - 20:27

Shorttrackers Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt hawwe harren op twa yndividuele ôfstannen pleatst foar de folgjende ronde op it WK yn it Kanadeeske Montreal. Itzhak de Laat is op ien ôfstân troch.

Suzanne Schulting

Schulting waard op de 1500 meter tredde yn har heat en op de 1000 meter sels earste. Dêrmei pleatst se har op dy ôfstannen foar respektyflik de heale en kwartfinale. Op de 500 meter einige Schulting yn har heat as tredde en dat wie op dy ôfstân net genôch.

Sjinkie Knegt

Ek Knegt pleatste him op de 1000 en 1500 meter foar de folgjende ronde. Yn syn heat fan de 1500 meter waard Knegt twadde en op de 1000 meter wûn er syn heat. Dat wie genôch om him te pleatsen foar de heale finale (1500 meter) en de kwartfinale (1000 meter). Op de 500 meter oerlibbe Knegt noch wol de foarronde, mar yn de heat krige er in 'penalty' en waard er útskeakele.

Itzhak de Laat

Itzhak de Laat hie freed op de earste twa ôfstannen minder sukses. Earst waard er fjirde op de 1500 meter, dêrnei lêste op de 500 meter. Op de 1000 meter waard De Laat twadde yn syn heat en dêrom stiet er snein yn de kwartfinale op dy ôfstân.

Finales

Sneon giet it WK yn Montreal fierder mei de heale finales en letter de finales op de 1500 meter. Dan binne ek de heale finales fan de ploege-efterfolging.

(advertinsje)