FIDEO: Fryslân Hjoed oer Streppel, Kramer en Nyck de Vries

16 mrt 2018 - 19:55

Yn Fryslân Hjoed praten sportsjoernalisten Jaap Stalenburg, Gerard Bos en Roelof de Vries freed oer it lêste seizoen van Jurgen Streppel by SC Hearrenfean, oer it WK Allround van Sven Kramer en de sponsor fan Ireen Wüst, en oer de takomst fan autokoereur Nyck de Vries.

Streppel fuort

"Dit is een van de grootste mismatches uit de geschiedenis van Heerenveen", fertelt Jaap Stalenburg. "Ten eerste omdat hij als type niet bij Heerenveen past, dat heb ik twee jaar geleden ook gezegd. En ten tweede: bij een voetbalclub zijn supporters af en toe lastig, soms staat-ie na een goede vraag van een journalist te hakkelen voor een camera. Deze man is gewoon een maatje te klein voor een ambitieuze club als Heerenveen. Een prima trainer voor RKC of Helmond Sport, maar niet voor Heerenveen."

Sitte se bestjoerlik allegear op ien lijn by Hearrenfean? "Ik tink it wol", seit Roelof de Vries, "mar it is altyd gisjen. Dat is ek in probleem by Hearrenfean. Sjoch nei de ynterviews mei Streppel en Hamstra. Wat is der no oan de hân? As je in goed ferhaal hawwe, fertel dat dan. No sitte we allegear wer te gisjen. Dat kinne se foarkomme."

De spilers fine it net allegear slim dat Streppel fuortgiet. Roelof de Vries: "De opluchting is wol oanwêzich. Ik ha hjoed mei wat spilers appt. De measten binne wol wat opluchte. Se ha goed mei him wurke, it is ek net in weardeleaze trainer. Allinnich: de klik wie der net."

Kramer neist poadium en Wüst "te âld"

Foar it earst sûnt 2005 einige Sven Kramer njonken it poadium op it WK Allround. Mar it soe dom wêze, om him ôf te skriuwen, seit Stalenburg: "Schrijf Sven vooral niet af. Want hoe harder hij afgeschreven wordt, hoe groter de kans dat hij terugkomt."

Gerard Bos: "Mar sa'n mentale klap hat er noch net earder hân, dat is hy ek net wend. Dus ik bin wol benijd wat dit mentaal mei him docht."

Ireen Wüst krige dizze wike te hearren dat se te âld wêze soe. Earder dizze wike sei de reedrydster dat Justlease har net mear sponsorje wol, om't se te âld is. "De indruk is bij iedereen wel dat Wüst snel een sponsor gaat vinden", fertelt Stalenburg.

Nyck de Vries nei Le Mans

Nyck de Vries is de earste Fries dy't meidocht oan de World Endurance Championship. "Frij fertaald it wrâldkampioenskip lange ôfstannen race", leit Gerard Bos út. "Dan ride se soms seis oeren, mei trije riders yn in team."

Takom jier sil Nyck de Vries ek de 24-oers race fan Le Mans ride. "Ik hie it net ferwachte", seit Bos. "Mar it past wol yn syn programma. En de teambaas, Frits van Eerd, sjocht wol wat yn De Vries."

Stalenburg: "Frits van Eerd vindt Nyck een potentiële Max Verstappen. Uit die hoek krijgt hij wel de noodzakelijke pecunia als hij naar de Formule 1 wil. Frits van Eerd is fan van hem, absoluut."

(advertinsje)