Pankoeken: in goed resept foar kontakt tusken jong en âld

16 mrt 2018 - 17:40

It bakken, servearjen en iten fan pankoeken is in prima resept foar kontakt tusken âld en jong. Dat die freed bliken yn MFC De Kompenije yn Jobbegea. Skoalbern fan OBS De Feart soargen mei selsbakte pankoeken foar in lekker en gesellich feestje. Wylst by de skoalbern en kliïnten fan thússoarch De Friese Wouden de pankoeken op tafel kamen, koe der net allinnich lekker iten wurde, mar ek gesellich bypraat.

It giet om in inisjatyf fan De Friese Wouden dat mei dizze aktiviteit de Wike fan de Soarch en Nasjonale Pankoekdei kombinearre. Laura Schuurmans is wykferpleechkundige by De Friese Wouden en fynt it prachtich, om op dizze wize ek guon fan har kliïnten ris bûten harren eigen hûs te treffen. Neffens Schuurmans is it wurk yn de soarch moai en tankber om te dwaan en se ropt jongeren dan ek op, om te kiezen foar in karriêre yn dizze rjochting.

Sjoch foar mear reportaazjes, artikels en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)