Justysje easket seis jier tsjin Britsumer foar wrede oerfal

It hûs oant it Paradyske yn Hjerbeam © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Justysje hat seis jier sel easke tsjin in man út Britsum foar in oerfal mei in soad geweld yn Hjerbeam, twa en in heal jier lyn.
Mei de dea bedrige
De man oerfoel mei in maat in frou fan 77. Se waard fêstbûn, har mûle waard ôfplakt mei ducttape en se waard mei de dea bedrige. De manlju hienen ûnder oare sieraden, in horloazje, in platespiler en in dvd-spiler meinaam.
Buorman
Neidat de fertochten útnaaid wiene, is it slachtoffer letterlik it hûs út krûpt om de buorman te warskôgjen. Dy helle de ducttape fan har mûle.
DNA
De man út Britsum waard oardel jier letter oppakt op grûn fan DNA-materiaal. De fertochte seit dat er der neat mei te krijen hat. Neffens him wol ien him deryn lúzje mei âlde ducttape dy't er earder brûkt hat.
De twadde fertochte is net fûn.
"In wrak"
It slachtoffer fertelde yn har ferklearring dat se lichaamlik en mentaal in wrak wurden is nei de oerfal. Se freget 12.000 euro oan smertejild fan de fertochte.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.