"Gjin sûnensklachten yn Harns troch útstjit REC"

16 mrt 2018 - 17:07

De luchtkwaliteit yn Harns is goed. Der binne gjin sûnensklachten te ferwachtsjen troch de útstjit fan de ôffaloven fan de REC. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan ûnder oare de gemeente Harns en de provinsje.

Der binne ek mjittingen dien nei sâltsoer yn de loft. Yn de perioade dat dat barde, is der neat de loft yngien dat kwea kin foar de sûnens. De ôffaloven yn Harns leit geregeld ûnder fjoer. Dy soe in te hege útstjit ha, foaral as der steuringen binne.

(advertinsje)