Frou krijt wurkstraf nei stellen fan ferstoarne freon

16 mrt 2018 - 16:13

In frou út Drachten hat in wurkstraf fan tritich oeren krigen fanwege stellerij. De frou hie by in winkel fleis en fisk meinaam sûnder te beteljen. En fan in ferstoarne freon hie se ûnder oare in gersmeaner, âlde radio's, in fyts en in klok stellen. De bern fan de ferstoarne man ûntdutsen dat in pear wiken letter. De frou sei dat se it guod fan har freon ha mocht.

Njonken de wurkstraf bepaalde de rjochter dat de frou har melde moat bij de reklassearring.

Trefwurden: 
wurkstraf stellerij
(advertinsje)