Ljouwert en Súdwest-Fryslân belûke ynwenners net genôch

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân dogge fierstente min om ynwenners te belûken by grutte bouprojekten yn de buert. Dat docht bliken út ûndersyk fan belange-organisaasje Vereniging Eigen Huis.
De twa gemeenten krije swiere ûnfoldwaandes fan har ynwenners: Súdwest-Fryslân in 3,7 en Ljouwert in 5,1. Minsken fine dat se te min hearre oer bygelyks de bou fan nije huzen, de oanlis fan diken en de pleatsing fan wynmûnen. En se hearre it ek te let, sizze se.
It gemiddelde sifer fan alle gemeenten dêr't it ûndersyk dien is, is in 4,4.