Dokkumer iisfontein net earder klear as fan 't simmer

16 mrt 2018 - 15:49

De fontein dy't Dokkum krijt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd is nei alle gedachten net earder earder klear as fan 't simmer.

De iisfontein is dreech te meitsjen, omdat it net om in gewoane fontein giet. Wêr't dy normaal wetter spuitsje, foarmet dy fan Dokkum wurkjende iislagen. En it is lestich om in technyk te betinken wêrby't de fontein it ûnder alle waarsomstannichheden docht, sûnder dat it te folle enerzjy kostet.

Alle oare fonteinen fan it Eleven Fountains-projekt fan Kulturele Haadstêd wurde op 18 maaie yn gebrûk naam. Dokkum docht wol mei oan de festiviteiten dêr omhinne.

(advertinsje)