Ferieningen De Jouwer wolle kultureel sintrum, mar wêr?

Der moat in kultureel sintrum op De Jouwer komme, mei in grut poadium, romte foar eveneminten en foarstellingen en genôch plak foar hûnderten taskôgers. Dat wolle de kulturele ferieningen fan De Jouwer, ûnder oare de muzykferieningen en de toanielklups.
De ferieningen, mei-inoar 'It Lokaal', besykje al jierren om de Evenementenhal oan de Vegelinswei te krijen. De gemeente De Fryske Marren wol it fertutearze gebou wol ferkeapje oan de ferieningen. Mar freed makken de ferieningen op in parsekonferinsje bekend dat se it gebou dochs net ha wolle, om't it finansjeel risiko fierstente grut is.
Net helber
Ek al soe de gemeente de maksimale gemeentlike bydrage fan 275.000 euro op it kleed lizze om de oankeap fan de Evenementenhal te finansierjen, dan noch bliuwt der trije ton oan efterstallich ûnderhâld oer. Foardat se de hal omboud hawwe ta kultureel sintrum, binne se in miljoen euro fierder. Foar de klups is dat net helber.
Se freegje oan de gemeente De Fryske Marren om ferantwurdlikheid te nimmen en by te springen. Se wolle fan de gemeenteried in dúdlike fyzje op kultuer en help by de finansiering. In pear jier lyn hat de gemeente alle subsydzje oan kultuer stopset. Dat betsjut dat de klups harsels bedrippe moatte en dat se dus sels ek foar ûnderdak soargje moatte. Foar in protte ferieningen is dat in grut probleem.
Wethâlder fynt it spitich
Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren fynt it spitich dat it probleem der is. Hy fynt kultuer wichtich foar de gemeente en dat moat ek sa bliuwe, seit er. Durksz wol graach mei de belutsenen yn petear om te sjen wat mooglik is. Mocht der in fantastysk nij plan komme te lizzen, dan moat de gemeenteried in beslút nimme oer it beskikber stellen fan mooglik mear jild, dat boppe-op de 275.000 euro komt.