Schulting docht nei trije dagen koarts dochs mei oan WK

Suzanne Schulting © ANP
Olympysk kampioene Suzanne Schulting docht dit wykein 'gewoan' mei oan de WK shorttrack yn Kanada. Schulting wie ôfrûne wike siik, hie koarts en twivele dêrtroch oan dielname oan de wrâldkampioenskippen yn Montreal.
Schulting rydt freed de kwalifikaasjeronden fan alle trije ôfstannen. Sneontejûn wurde de earste medaljes ferdield.
By de manlju dogge Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat mei. Op de relay komme nei alle gedachten ek Rianne de Vries en Daan Breeuwsma noch yn aksje.