Tanke op kosten fan de baas: 120 oeren wurkstraf

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Sleat hat in wurkstraf krigen fan 120 oeren, omdat er oardel jier sûnder tastimming mei de tankpas fan syn baas tankte. De 20-jierrige man wurke de ôfrûne twa jier foar in autopoetsbedriuw op De Jouwer. Op in stuit waard ûntdutsen dat er stikem mei de tankpas brânstof yn syn eigen auto die, wylst de pas allinnich foar de bedriuwsauto's wie.
De fertochte sei dat er it mar ien kear dien hie, mar út syn tankgedrach die bliken, dat er folle faker privee tankte. Hy wie der mei begûn, koart neidat er syn rydbewiis helle hie. Neist de wurkstraf hat de man ek in selstraf fan trije moanne ûnder betingst krigen.