Sneonsteam VC Trynwâlden lilk nei kar foar sneinsfuotbal

De earste seleksje fan de sneonsôfdieling fan VC Trynwâlden is lilk op it bestjoer fan de fuotbalklup. Sy binne it net iens mei it beslút dat ôfrûne woansdei op in spesjale gearkomste naam is. De feriening stie foar de kar in prestaasje-alvetal yn te setten op sneons óf sneins.
In advyskommisje hat him bûgd oer de problematyk en kaam ta de konklúzje dat de sneon de bêste dei is foar prestaasjefuotbal, mar ta ferbjustering fan in soad leden spruts it bestjoer op de gearkomste fan ôfrûne woansdei de foarkar út foar de snein.
In ferrassing, neffens de sneonsfuotballers, omdat it bestjoer oant dy tiid trochskimerje litten hat in foarkar foar de sneon te hawwen. In lytse mearderheid fan de oanwêzige leden wie foar sneinsfuotbal. Neffens de sneonsfuotballers hat dat te krijen mei de mobilisaasje fan in protte sneinsfuotballers op dy gearkomste.
Wat it meast stekt by de sneonsfuotballers, is it ûntbrekken fan in goeie motivaasje fan it bestjoer. "Het bestuur heeft geweigerd om de argumenten voor zijn keuze met de leden te delen", sa skriuwe de fuotballers yn in brief. It is op dit stuit noch net dúdlik wat foar ferfolch dizze kwestje krije sil en wat dat betsjut foar de klup en de fuotballers.
Foarsitter Theorine Scholten fan VC Trynwâlden wie freedtemiddei net beskikber foar kommentaar.