Michel Vlap foar earste kear by seleksje Jong Oranje

Michel Vlap © www.orange-pictures.nl
Michel Vlap fan SC Hearrenfean is troch Jong Oranje-bûnscoach Art Langeler oproppen foar de oefenwedstriid tsjin de leeftiidsgenoaten út België. It is de earste kear dat de 20-jierrige Snitser diel út makket fan de âldste nasjonale jeugdseleksje.
Teamgenoaten Denzel Dumfries en Pelle van Amersfoort sitte ek by de seleksje, dy't it op 22 maart yn Doetinchem opnimt tsjin de Rode Duivels.
Nei de wedstriid tsjin België slút Vlap oan by Oranje ûnder de 20. Mei dy ploech spilet Vlap op tiisdei 27 maart tsjin Tsjechië.