Ekstreem leech wetter: Offearten Harns-Skylge oanpast

© Twitter @SytseSchoustra
Fanwege ekstreem leech wetter en de eastewyn binne der foar sneon ôffearten fan de feartsjinst tusken Skylge en Harns oanpast. De boat fan Skylge nei Harns giet no moarns om kertier oer sânen, dat is in kertier letter as normaal. Middeis giet de boat fan Harns nei Skylge net om trije oere, mar pas om healwei fiven.
Alle oare ôffearten binne neffens de tsjinstregeling, sa meldt Rederij Doeksen.