FIDEO: 'Fryske Peter Sagan' wol wrâldkampioen wurde yn Rio

16 mrt 2018 - 12:00

Tristan Bangma út Donkerbroek hat op de WK baanhurdfytsen yn Brazilië mar ien doel foar eagen: wrâldkampioen wurde. Bangma komt tegearre mei Patrick Bos op trije ûnderdielen yn aksje op de WK, dy't fan 22 oant 25 maart yn Rio de Janeiro hâlden wurde. "Ik ga naar Rio om wereldkampioen te worden", seit Bangma. "Mocht dat niet lukken is het een teleurstelling."

Bûnscoach Eelke van der Wal fan Holwert hat hege ferwachtingen fan it duo. "Ik seach Tristan krekt fytsen en hy like fan achteren krekt op Peter Sagan. Tristan is ôfgryslik sterk."

(advertinsje)