FIDEO: Miranda yn de soarch: thússoarch yn Ljouwert

16 mrt 2018 - 11:55

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Ferslachjouwer Miranda Werkman seach freed by Nadia Amah Apedo yn Ljouwert. Sy wurket yn de thússoarch yn de wyk Bilgaard.

As ferpleechkundige komt Nadia oeral oer de flier en just dat fynt se prachtich. Lêst fan stress of wurkdruk hat se net. It is mar krekt hoe drok as je it sels meitsje, seit se. "Als ik zie dat de mensen die ik help zo blij en tevreden zijn, daar haal ik mijn voldoening uit. Dan denk ik: goh, ik heb het goed gedaan."

Sjoch foar mear reportaazjes, artikels en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)