Fermiste man út Wolvegea (71) weromfûn yn Snits

16 mrt 2018 - 11:41

De 71-jierrige man út Wolvegea, dy't sûnt tongersdeitemoarn fermist wie, is wer terjochte. Hy wie yn Snits. Dêr seach in famke de man sitten yn in bus. Se herkende him en belle de plysje.

Op it plysjeburo is de man neisjoen troch in dokter. De Wolvegeaster makket it goed. De GGZ sil de man ek noch ûndersykje.

Trefwurden: 
fermissing Wolvegea
(advertinsje)