Rykswettersteat jout Ofslútdyk-projekt definityf oan Levvel

16 mrt 2018 - 11:41

It fersterkingsprojekt oan de Ofslútdyk sil dien wurde troch Levvel, sa hat Rykswettersteat freed bekendmakke. Levvel is in consortium dat út de bedriuwen Van Oord, BAM en Rebel bestiet en sil de fersterking fan de dyk ûntwerpe, bouwe, finansierje en de kommende 25 jier ûnderhâlde.

De wurksumheden sette ein dit jier útein en sille sa'n fjouwer jier yn beslach nimme. De opdracht fertsjintwurdiget in bedrach fan sa'n 550 miljoen euro.

Ut namme fan it consortium seit Pieter van Oord bliid te wêzen mei de tawizing. "Als consortium zijn wij zeer verheugd met het verwerven van deze opdracht. Het is een eer te mogen bijdragen aan dit unieke project, dat al sinds 1932 grote delen van Nederland tegen overstroming beschermt. Na oplevering van de versterkte Afsluitdijk, beschikt Nederland opnieuw over een iconisch project als bewijs van het innovatieve karakter van de Nederlandse (water)bouw."

Trefwurden: 
Levvel Ofslútdyk
(advertinsje)