"Gaswinning by De Harkema moat ophâlde"

16 mrt 2018 - 11:24

De gemeenteried fan Achtkarspelen is tsjin ferlinging fan gaswinning by De Harkema. In moasje fan de FNP-fraksje om beswier te meitsjen tsjin de winning, krige tongersdeitejûn yn de gemeenteried de stipe fan alle fraksjes. Yn de eagen fan de FNP is it net goed om troch te gean mei de gaswinning, no't de enerzjytransysje oeral heech op de aginda stiet. "Ferlinging fan de gaswinning past net yn in fossylfrije enerzjywrâld", sei fraksjefoarsitter Sjoerd Groenhof.

De gaswinning by De Harkema is yn 2010 begûn. As it oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat en de NAM leit, giet de winning noch seis jier troch.

(advertinsje)