Wikseling fan skûtsjes by IFKS, 'Oude Zeug' ferkocht

16 mrt 2018 - 10:57

Ald-IFKS-kampioensskûtsje 'Oude Zeug' is ferkocht oan in groep silers út Enkhuzen. It skûtsje dêr't Koos Lamme de ôfrûne jierren op fear, wurdt stedsskip fan Enkhuzen en krijt de namme 'De Drie Haringen'. Yn it seil komt in seilteken fan it stedswapen mei trije hjerringen. De nije eigeners binne Thomas de Boer en Marieke Zijlstra fan syl- en surfskoalle Enkhuzen en Jorrit Jouwsma, eigener fan de 'Deinemeid'.

De Boer hat in oantal jierren skûtsjesylt en miste dat. "Het begon toch te jeuken", fertelt hy. Op de planning stiet, dat it team mei Lemmer Ahoy foar it earst starte sil en dernei fansels de IFKS. De 'Oude Zeug' waard ûnder lieding fan Eelke Dijkstra twa kear kampioen, yn 2002 en 2003. Kampioen wurde liket De Boer ek wol wat. "Dat is het doel, vanzelfsprekend."

Koos Lamme sil mei syn team fierder op de 'Singelier'. Yn 2016 starte de Amsterdammer Daan van der Meer mei dat skip yn de C-klasse. Hy wist mei syn team yn ien kear troch te streamen nei de grutte A-klasse, mar sil dit jier dus op in oar skip oan de start ferskine. Van der Meer nimt skûtsje de 'Opsjitter' oer fan Willem Zwaga, dy't no skipper is fan Ljouwert yn de SKS.

It team út Amsterdam hierde de 'Singelier' fan Henk Keizer, mar dy woe it skip yn de ferkeap ha. No't Van der Meer yn de A-klasse op in oar skip starte sil, wurdt de doelstelling al wat ferlein. "We hopen dat we in de A-klasse kunnen blijven en niet degraderen", fertelt hy. "Een mooie daguitslag, daar gaan we voor". De 'Opsjitter' hat ek in nije namme krigen. It skûtsje giet fierder ûnder de namme 'Westenwind'.

Trefwurden: 
IFKS skûtsjesilen
(advertinsje)