Ried Achtkarspelen wiist 'oerstallige' moasje fangrail ôf

16 mrt 2018 - 10:23

In foarstel fan de FNP-fraksje yn Achtkarspelen in fangrail lâns de dyk tusken Strobos en Súdhorn te pleatsen, hat it tongersdeitejûn yn de gemeenteried net helle. Njoggen riedsleden wiene foar dizze moasje; alve stimden tsjin. De fraksjes fan PvdA, ChristenUnie, CDA en riedslid Sierd Vegelin fan GBA wiene tsjin.

De moasje wie yntsjinne troch de FNP, nei oanlieding fan meardere ûngelokken dy't dêr west hawwe, wêrby't auto's yn it wetter rekke binne. De partij wie dan ek teloarsteld dat it foarstel net troch de ried oannaam is. "Ik bin der kapot fan", sei Wietske Poelman fan de FNP. "It like der fan tefoaren op dat de ried der wol yn mei gean soe. Wy hiene dan ek net tocht dat it ôfwiisd wurde soe."

Ien fan de riedsleden dy't tsjin stimd hat wie Vegelin. Nettsjinsteande syn 'nee', is hy wol foar de komst fan de fangrail. Vegelin sei dat wethâlder Jouke Spoelstra fan it CDA al tasein hat dat de fangrail der komme sil.

Trefwurden: 
Achtkarspelen moasje fangrail
(advertinsje)