'Provinsje beslút ein april oer ûntsluting Lauwerskwartier'

16 mrt 2018 - 08:47

Oer wat mear as in moanne wurdt dúdlik oft bedriuwsterrein Lauwerskwartier yn Surhústerfean in twadde ûntsluting kriget of net. Ein april bûcht de provinsje him oer de saak, sa fertelde wethâlder Jouke Spoelstra tongersdeitejûn by in gemeenteriedsgearkomste fan Achtkarspelen.

De FNP-fraksje fernuvere him oer in meidieling fan de provinsje dat Achtkarspelen gjin jild yn de twadde ûntsluting stekke wol. Dat ferhaal is net wier, sa sei Spoelstra. Neffens him hat Achtkarspelen 350.000 euro foar it projekt frijmakke.

Lauwerskwartier hat in soad ferlet fan in twadde ûntslutingsdyk. Seker omdat der hieltyd mear ûndernimmers belangstelling ha foar it útwreidingsdiel. Op alle kavels is yntusken ynskreaun, sa sei wethâlder Harjan Bruining.

(advertinsje)