Klapbân soarget foar ûngelok en file op A7 by Beetstersweach

16 mrt 2018 - 07:57

Op de A7 hat by Beetstersweach freedtemoarn in ûngelok west. In klapbân soarge derfoar dat de bestjoerster fan in auto fan de dyk ôf rekke. De frou skeat de berm yn en bedarre úteinlik yn de sleat. By it ûngelok fleach it motorblok út de auto en briek ien fan de foartsjillen ôf.

De bestjoerster is troch omstanners út de auto helle. Se rekke by it ûngelok licht ferwûne en is yntusken nei hûs brocht.

Troch it ûngelok ûntstie op de A7 tusken Beetstersweach en Drachten in file fan sa'n fjouwer kilometer lang.

Trefwurden: 
A7 klapbân ûngelok
(advertinsje)