Kollum: "Swalker"

16 mrt 2018 - 07:42

"Ofrûne sneontejûn wie it boekefeest en dêr moast ik ek ferskine. Omdat ik jûns al betiid fuort moast, hie ik de middeis al in grutte panne snert op stean. Doe't dat stie te protteljen, moast ik ek noch efkes myn strontkroade leegje en doe seach ik yn it waskhok op 'e jachthaven eat dat ik nuver fûn. Der siet in man mei in mûtse op en hy hie de holle ferslein yn beide hannen.

Ik koe syn gesicht net sjen, mar ik seach wol dat it hokje fol stie mei tassen en oar guod en der stiene in pear skuon foar de doar. Yn in flits tocht ik; 'Dit doocht net'. Ik ha it bestjoer op 'e hichte steld en ik krige al gau in berjocht werom dat it in swalker wie. Hy hie syn kamp yn it waskhok opslein mar hie oant seis oere om syn guod wer yn te pakken.

Ik hie it fansels smoardrok mei myn hier, make-up en klean en doe't ik boppe stie om my om te klaaien seach ik dat de swalker yndied alles wer út it waskhok helle en dat op 'e dyk neist syn fyts del lei. Sa út en troch seach er mismoedich om him hinne en ik krige begrutsjen mei him. It tilt hjir net op fan 'e swalkers dus ha ik dêr ek net bot ûnderfining mei, mar ik bin dochs mar nei him ta rûn.

Ik frege hoe't it gong en oft er help nedich hie. Hy sei dat er yn 'e war wie en lêst hie fan syn holle. Ik ha oanbean in parasetamol te heljen mar dat holp neffens him net omdat er gjin pineholle hie. It wie him allegear te drok yn 'e holle no't er alles tagelyk dwaan moast. Hy hie amper in tosk mear yn 'e mûle, mar prate wol hiel fatsoenlik. Ik frege ek oft er dy nacht wol earne sliepe koe en hy sei dat er op 'e fyts rjochting Drachten gong dêr't er in tinte ophelje soe en dan hie er ek wer in plak om te sliepen.

Foardat er yn it waskhok telâne kaam, hie er ûnderweis bûten sliept en doe wie er hielendal wiet reind, mar hy woe net mei my nei Ljouwert nei in opfang, want dat wie de ferkearde kant út. Hy moast en soe nei Drachten en ik fielde my bêst wol skuldich dat ik trochjûn hie dat er yn it waskhok siet. Ik ha him noch in kear frege oft er help nedich hie mar hy woe allinnich mar dat minsken him gewurde lieten dus op 't lêst frege ik oft er dan miskien eat te iten ha woe. Dêr sei er gjin 'nee' tsjin en doe ha 'k him mar in skaal snert en in pear broadsjes brocht.

Ik moast as de bliksem wer nei hûs, woe ik op 'e tiid foar it boekefeest komme en hie sels gjin tiid mear om te iten. Ik kaam gelokkich net te let, mar de swalker hat my de hiele jûn troch de holle spûke. Griet Op de Beeck hie in moai optreden mei as strekking dat it altyd wat opsmyt ast dyn dreamen neijagest en yn it boek dat se sinjearre hat stiet: Voor Hilda, leef hard, droom harder.

Doe't ik thúskaam, stie de snert noch op want nimmen hie it gas útdraaid. Dat kaam goed út, want ik hie wol sin yn wat en ik tocht noch hieltyd oan de swalker. Ik wie benijd nei syn dreamen en wat it opsmiten hat. Leef hard, fiets harder. Foar de buien út. Sneins hearde ik dat er al 82 jier wie."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)