Gemeente Smellingerlân wol dat bernepardon ferromme wurdt

Bernepardon © ANP
Smellingerlân is ien fan de likernôch 25 gemeenten yn it lân dy't wolle dat it bernepardon ferromme wurdt. Bern dy't langer as fiif jier op in ferbliuwsfergunning wachtsje, moatte dy dochs noch krije, sa fine dizze gemeenten.
De gemeenten hawwe har oansletten by de kampanje fan progressyf platfoarm De Goede Zaak, dat ek de stipe hat fan in soad BN'ers. Wannear't it kabinet de regels foar it pardon net ferrommet, driigje neffens De Goede Zaak fjouwerhûndert bern dy't yn Nederlân grutbrocht binne, dochs útset te wurden.
Lokale ôfdielingen fan regearingspartijen VVD, CDA, D66 en ChristenUnie binne it net altyd iens mei de lanlike lieding. Dat jildt yn dit gefal ek foar Smellingerlân.