Helptsjinsten treffe yn sleat by Koarnjum lege auto oan

De auto yn de sleat by Koarnjum © BTBfotografie
Yn de nacht fan tongersdei op freed is by Koarnjum in auto yn de sleat bedarre. Dit barde op de Skredyk, krekt bûten it doarp. Helptsjinsten rieden manmachtich út. Doe't se op it plak oankamen, troffen se gjin minsken by of yn de auto oan.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net dúdlik. De auto is yntusken fuortsleept.