Earelid en lid fan fertsjinste beneamd op KNKB-gearkomste

15 mrt 2018 - 22:58

Op de jierlikse gearkomste fan keatsbûn KNKB is Herre Hof út Frjentsjer tongersdeitejûn beneamd ta lid fan fertsjinste. Skiedend haadbestjoerslid Tjeerd Dijkstra fan Easterein is beneamd ta earelid.

Op de gearkomste hat Johan Okkinga út namme fan in groep keatsleafhawwers de plannen foar feroaringen yn it keatsen ynbrocht. It punt stie net op de wurklist, mar der waard troch guon ferieningen wol posityf op reagearre. It keatsbûn en de groep leafhawwers sille ynkoarten fierder oer de plannen prate.

(advertinsje)