Frou dy't kanaal yn riden is: Goed dat der in fangrail komt

15 mrt 2018 - 22:49

"It is hartstikke goed dat der in fangrail by it Prinses Margrietkanaal del komt." Dat seit Roelie van der Wal út Strobos. "Ik haw der sels nammentlik tsien jier ferlyn ek alris mei de auto yn sitten. Dat barde doe't der in kat oerstuts."

"Yn dy tiid tocht ik fuortendaliks al: Der moat wat gebeure. Dat is no hielendal needsaaklik, omdat der hieltyd mear ûngelokken barre."

"We wenje hjir al fjirtjin jier en ik tocht altyd al: As it sa komt, moat ik dit dwaan, dat dwaan. Autorút iepen draaie, gurdle ôf. Myn auto kaam rjochtop yn it wetter telâne. Ik koe der sa út swimme."

"It wie glêd op de wâl, dus koe ik der net op komme. Gelokkich lei der in skip dêr't ik op klommen bin. De skipper hat my in kop drinken en waarme klean jûn. Gelokkich is alles goedkaam mei my."

Tsjinstwurdich docht Roelie net mear de gurdle om, as se by it kanaal del rydt. Se docht ek altyd rêstichoan, omdat se benaud is dat se der wer yn rekket. 

(advertinsje)