Sike Suzanne Schulting kin WK yn Montreal mooglik net ride

Suzanne Schulting © ANP
Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje kin mooglik net yn aksje komme op de wrâldkampioenskippen yn Montreal. De Olympysk kampioen op de 1000 meter hat in dei foar de wrâldtitelstriid noch altyd koarts. Neffens bûnscoach Jeroen Otter wurdt de kâns op dielname fan Schulting hieltyd lytser. Sy is sûnt tiisdei siik.
Schulting wie tongersdei wol eefkes op it iis, mar it wie gjin serieuze training. "Wat ze op haar hotelkamer voelt, voelt ze ook op het ijs. Dat is voor haar heel vervelend'', sei Otter.