Opfang Zienn: dit wykein mear sliepplakken beskikber

© ANP
Opfang Zienn stelt freedtejûn en dit wykein mear sliepplakken foar dakleazen beskikber. It sil dit wykein frieze en dat betsjut dat der ekstra plakken foar dakleazen reservearre wurde om harren de kâlde nacht troch te helpen. De winterregeling jildt foar de nachtopfang yn Ljouwert en de sosjale pensjons yn Drachten en Snits.
De nachtopfang yn Ljouwert stelt dit wykein 52 yn stee fan 40 sliepplakken beskikber. It is al de fiifde kear dizze winter dat de nachtopfang ekstra sliepplakken beskikber stelt.