Drokte op spottersbult by oankomst Amerikaanske F-15's

15 mrt 2018 - 21:38

Op fleanbasis Ljouwert stean op 't heden seis F-15's fan de Amerikaanske loftmacht. De strieljagers binne yn ien kear non-stop nei Ljouwert flein. Dêr kamen se tongersdeitemiddei oan. De piloaten dogge mei oan de militêre oefening Frisian Flag. Dy is dit jier fan 9 oant 20 april. Frisian Flag wurdt alle jierren hâlden. It doel is mei ferskillende lannen te trainen yn gearwurking.

Letter fan 'e wike komme noch seis oare F-15's út Amearika nei Ljouwert. De bûtenlânske strieljagers kinne altyd op in soad taskôgers rekkenje, dy't harren allegearre sammelje by de spottersbult yn Marsum. 

Trefwurden: 
F-15 spottersbult
(advertinsje)