Willem-Alexander op besite by koloanje

15 mrt 2018 - 20:21

Kening Willem-Alexander is op 20 april op besite by de 'Koloniën van Weldadigheid'. Hy sil nei Frederiksoord, krekt oer de grins yn Drinte. Op dy dei fiert de  'Maatschappij van Weldadigheid' it 200-jierrich bestean. Yn de gemeente Weststellingwerf binne ek sokke koloanjes fan woldiedigens te finen. Fan it jier 1818 ôf waarden earme minsken út de stêd nei de koloanjes fan woldiedigens brocht. Sy koene dan in eigen bestean opbouwe, bygelyks as boer. Minsken krigen yn de koloanjes ûnderdak, ûnderwiis en soarch.

It hiele jier binne der aktiviteiten yn it gebiet yn it ramt fan it 200-jierrich bestean fan de koloanjes.

(advertinsje)