Syktocht mei helikoper nei fermiste Wolvegeaster

15 mrt 2018 - 18:19

De plysje siket sûnt tongersdeitemoarn nei in fermiste man yn de regio Wolvegea. Dêrby binne ek in plysjehelikopter en plysjehynders ynset. De 71-jierrige man is 1.83 meter lang, blank, slank, hat koart griis hier en in ringburdsje. Hy hat in blauwe spikerbroek oan, in oerhimd en in donkerblauwe jas. Minsken dy't de man sjoen hawwe, wurde oproppen kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)