FIDEO: Miranda yn de soarch: âldereinsoarch yn Neibertilla

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.
Ferslachjouwer Miranda Werkman seach tongersdei by Jack Jongsma yn Drachten. Hy wurket by Neibertilla, de âldereinsoarch fan Zuidoostzorg.
"It is mear as allinnich it waskjen en fersoargjen fan minsken", fertelt Jongsma. "Just de lytse dingen, de gesprekken en persoanlike oandacht, kinst hiel tsjinstber yn wêze." Jack begrypt eins net wêrom't net mear manlju yn de soarch wurkje: "Ik wit fan manlju yn myn omjouwing dy't wol tsjinstber wêze wolle. Mar der is in stigma dat se dan dochs tsjinhâldt. Mar manlju yn de soarch kinne ek in mearwearde ha."
Sjoch foar mear reportaazjes, artikels en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch. Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.