Houtwurkpleats De Wisse: "Iedereen werkt naar eigen kunnen"

15 mrt 2018 - 17:02

By houtwurkpleats De Wisse op It Hearrenfean wurkje minsken mei in ferstanlike beheining. "Het heet officieel dagbesteding, maar het is echt werk. Iedereen werkt naar z'n eigen kunnen." Dat fertelt Juul de Weerd. Hy is al hast fjirtich jier wurksum yn de soarch mei minsken mei in ferstanlike beheining.

"We proberen er zo weinig mogelijk druk op uit te oefenen. Zonder druk kun je niet werken, maar we beperken dat zoveel mogelijk", seit De Weerd. En dat er it wurk faak op 'e nij útlizze moat, kin him neat skele: "Met alle liefde vertel ik ze morgen weer hetzelfde."

"Wat voor mij in kleine stap is, is voor die jongens in grote stap." Dat fynt De Weerd it moaie oan syn wurk. "Het kan niet fout gaan. Dat is voor ons belangrijk, voor iedereen. Een schouderklopje doet iedereen goed."

Omrop Fryslân slút oan by de lanlike 'Wike fan soarch en wolwêzen' om de soarch in ekstra ympuls te jaan. Yn de soarch binne grutte tekoarten en it ferlet fan nije minsken wurdt hieltyd grutter. Fan 12 oant en mei 17 maart is by Omrop Fryslân rom omtinken foar alle fasetten fan de soarch. Op radio, telefyzje en online dogge we ferslach fan tal fan aktiviteiten.

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

(advertinsje)