Fytspaad en heger wetter yn Droegehamstermieden

15 mrt 2018 - 16:39

Fan 't hjerst wurdt in begjin makke mei de ynrjochting fan de Droegehamstermieden. Dat natuergebiet leit foar in part op grûn fan Steatsboskbehear en ek op grûn dy't de provinsje kocht hat.

It is de bedoeling dat de natuer dêr syn gong gean kin, mar minsken moatte der ek rekreëarje kinne. Dat betsjut dat in dyk dy't der dwers trochhinne giet, foar in part ôfsletten wurdt. Der komt in fytspaad foar werom, dat foar in part by it Prinses Margrietkanaal lâns giet. It wetterpeil yn de Droegehamstermieden wurdt ferhege, sadat de blaugerslannen dy't dêr lizze har fierder útwreidzje kinne.

Begjin april is der in ynformaasjebyienkomst oer de plannen.

(advertinsje)