Lange file troch glês op N31 by knooppunt Werpsterhoeke

15 mrt 2018 - 16:32

Op de N31 by de Werpsterhoeke by Ljouwert hat tongersdei in skoft lang in lange file stien fanwege glês op de dyk. Tusken de ôfritten Ljouwert-Súd en Ljouwert-East wie de wei ôfsletten, omdat der allegearre glês op de dyk lei. Nei alle gedachten kaam dat fan in grut rút dat ien ferlern hie. Wat der krekt bard is, noch net bekend makke.

Plysjeminsken en Rykswettersteat hawwe de dyk skjinfage. Dêrnei koe it ferkear der wer del.

Trefwurden: 
file N31 Werpsterhoeke
(advertinsje)