Dielauto's mooglik yn april werom op Skylge

15 mrt 2018 - 15:56

Skylge krijt nei alle gedachten wer in dielautoservice. It eilân hat dat ek in pear jier hân, mar it bedriuw Wattcar is koartlyn fallyt ferklearre. Twa oare bedriuwen wolle it systeem no wer opsette, fytseferhierbedriuw Fietsenopterschelling.nl en Eilandauto.nl. Sy wolle Wattcar opnimme yn har besteande ferhierorganisaasje fan fytsen, scooters en auto's. Se begjinne earst mei tusken de tsien en de fyftjin auto's.

De twa bedriuwen hoopje fan april ôf mei de dielauto's ride te kinnen.

Trefwurden: 
dielauto Skylge
(advertinsje)